Amarins bliuwt foarbest opslaan

It moat foar de oare pupillen famkes hast ferfelend wurde om tsjin dat blonde famke út Mantgum te keatsen. Mei dat “blonde famke” bedoele wy fansels ús Amarins. Se hie snein 13 juni al wer de earste priis op in t.i.l. partij. Dizze kear yn Bitgum. Foar har sels sil it winnen noch wol net sa gau ferfele en foar ús ek net.

Lees meer

Greidhoekekompetysje Mantgum - Easterlittens

Op woandeitejun waard der wer keatst yn de greidhoekekompetysje. Littens kaem op besite en de keatsers wiene opladen foar in revanche, want de earste kear wie der ferlern. Mantgum stiet yn de kompetysje op it ûnderste plak en dat is foar ús keatsers mar min te akseptearjen. Mei gremiteche gesichten waard de arena ynstapt.

Lees meer

KNKB jongens afdeling + t.i.l., zondag 6 juni te Mantgum

Afdeling 25 parturen stonden er op de lijst. Om 9.15 uur namen de scheidsrechters T. Kuipers en H. Sytema het terechte besluit dat de perken omgelegd moesten worden. Met behulp van vele vrijwilligers werden de 8 perken naar de andere kant van het speelveld gebracht. We konden om dik 10 uur toch nog beginnen in de broeierige arena. Het zou vooral in het eerste driekwart van de wedstrijd erg warm blijven met nauwelijks een zuchtje wind. Daarna werd het wat bewolkt met in de finale de verkoelende lichte regen. Al met al een kaatsdag met goede weersomstandigheden.

Lees meer

Amarins en Jennie bliuwe winnen

Wylst der yn mantgum omraak keatst waard op de ôfdielingspartij foar jongens sieten wy sûnder betoefte blokjerinners. Dat wie efternei ek net sa slim, want dy blokjerinners wûnen op KNKB partijen hast allegearre in priis.

Lees meer

Greidhoekekompetysje Easterein-Mantgum

Woansdei 02-06-2010 moasten ús keatsers nei Easterein foar wer in wedstriid yn de greidhoekekompetysje. De earste wedstriid tusken Mantgum en Easterein gie ferlern mei 2-1 dus de revanche gevoelens wie sterk. Foaral Sjirk Gjalt en Wilco wiene der echt op út om tegeare mei Skelte, Easterein in leske te learen.

Lees meer

Amarins slacht foar best op

Ferliden jier noch in bytsje yn it skaad fan har keatsmaatsje Jennie, stiet Amarins no al fol yn it sinneljocht. Ferliden wike sneon yn Niawier in twadde priis mar hjoed yn Berltsum de krânse. In prachtich moai resultaat. Lokwinske Amarins. En fan dy oare spikers oan de muorre sille dit jier ek grif noch wol in oantal brûkt wurde.

Federaasje keatsen 29 maaie

Fjouwer kategorieën, yn alle klassen jonges en famkes bijinoar. De dielname hâldt net oer. Kompetysje keatsen bij pupillen, skoalbern en 14-16 48 bern, sawat de helte minder as ferline jier We wiene ek 2 wike earder as oare jierren, mei konkurrinsje fan kuorkebal, fuotbal en de KNKB ôfdielings kompetysje. Om 1 oere middeis begjinne yn pleats fan 10 oere moarns. Skiedsrjochter Theo Kuipers hat gjin drege middei hawn, in gemoedlike keatserij mei moai waar.

Lees meer

Team Pyter Terpstra Consultancy op nei finaleplak

Tsjinstander wie hjoed Weidum yn Wiuwert. Foar ôf wie der al aardich troch beide partijen tsjin elkoar op beert, de ferliezer fan dizze partij soe dit it hiele jier noch oanhearre moatte. Derom wienen beide partijen beide gebrand op in goed resultaat.

Lees meer

Greidhoekepartij Mantgum - Wommels

Woansdei 26-05-2010 om healwei achten wie it wer safier en moast der wer keatst wurde yn de nije kompetysje. No kaem Wommels nei Mantgum en it doel wie om nei twa ferliesbeurten tsjin Easterein en Easterlittens einliks in kear de winst yn Mantgum te hâlden. De flagge wer yn top, it reklamedoek fan Hankel wer op de boppe. It koe oangean.

Lees meer

Mantgum – Easterlittens

Tiisdei 25 maaie 2010 gie dan eindelik de pelotekompetysje fan de froulju los. Nei in hiel geregel fan wie, wat en wer moasten we úteindelik tsjin Easterlittens ús earste wedstryd spylje. Dit is dus oars dan fermeld stiet in it boekje.

Lees meer

Jonker sikke partij 2010

Mei 4 petoer bij de froulje en 6 petoer bij de de manlju moast der middeis nog in perk bij lein wurde. Dit bestjut dat der mear opjefte wie dan we foarôf tocht hienen. Under de champions league finale hienen wij de dielnimmers 3x lotte.

Lees meer

Tredde priis foar Ilse yn Berltsum

Snein 16 maaie waard yn Berltsum in frije formaasjewedstriid haadklasse froulju onbeperkt hâlden. Ilse Noorman en har maten Feikje Bouwhuis en Anke Marije Pompstra moasten yn de 1e omloop keatse tsjin it partoer fan Jildou Jorritsma c.s. út Easterein.

Lees meer

Wêr’t de ien wint, ferliest de oare

Snein 16 maaie keatsten de puppillen famkes en de welpen famkes beide yn Wytmarsum. Der waard troch sawol Amarins de Groot by de puppillen as ek troch Jennie Terpstra by de welpen in twadde priis behelle. In prachtich moai kettinkje mei dêroan in keatsbâltsje. In moaie priis dy’t je net sa gau ferjitte. Moai wurk froulju.

Lees meer

Greidhoekepartij kompetysjeronde 1.

Kjeld, rein en hurde wyn wie it dekor fan de iepeningswedstriid fan de Greidhoekepartij yn Mantgum. Woansdeitejûn 12 maaie om healwei achten wie it dan sa fier en koe de nij opsette Greidhoeke kompetysje útein mei foar Jakob Klaver in wedstriid yn eigen doarp. It fjild lei der moai by, de flaggen yn top en in reklamedoek op ’e boppe. It wie kâld en wiet, mar de keatsers lieten harren der net troch wjerhâlde en stapten mei opstrûpte mouwen en inkelden sels yn koarte broek mar mei in fûle blik yn ’e eagen it fjild yn.

Lees meer

We binne wer los!

Snein wie it safier, de earste wedstryd fan Jacob Klaver is wer ferkeatst. Nei in koarte opleving yn de seal yn Easterein wie der nei in lang skoft eindelik wer alderwets ledenkeatsen. Dat wie ek te sjen oan de massale opjefte. We hienen sels ien persoan mear as foarich jier op de list en dit jier ek noch in aparte damesklasse. Hjirfoar hulde! Ien puntsje foar ferbettering fan ús fanatieke ledenkeatsers is it opjaan.

Lees meer

Greidehoekepartij set út ein mei thúswedstriid yn Mantgum

Juster jûn wie de lotting fan de Greidhoekepartij yn de kantine van KF Wommels. Ofrûne tiid ha jim al in soart lêze kinnen oer de nije opset fan de Greidhoekepartij. Nei 6 moanne fan tarieding op it idee fan Wommels giet it woansdei oan! Yn de kantine wie de striid ûnderling al begûn. Mei in pear stekken waarden de captains/spilers al in bytsje troch elkoar kitele en op skerp setten. Ien ding stiet fêst, alle doarpen dy’t mei dogge binne der op \gebrand\" om harren doarp sa goed mogelik te fertsjintwurdigjen. Op 12 maaie giet it oan! """

Lees meer

Fjouwer Mantgumers yn ‘e prizen

Befrijdingsdei 2010. Wylst mear as 100.000 festifalgongers as herringen yn in tonne yn Ljouwert omskaaiden siet it dyselde middei wol sa noflik yn de Hûnser keatsarena. Want earlik, is earlik, Hûns hat ien fan de moaiste keatsfjilden.

Lees meer

Earste KNKB krâns Mantgum nei it Hiem!

Yn Húns hat Amarins de Groot hjoed de krâns wûn mei har maat Alien Hoekstra. Yn Húns wie der ek noch in priis foar us lid Rianne Nutma, sy gie mei de premie yn de ferliezersronde nei hûs ta. Yn Hjelbeam wie Jelle Terpstra winner fan de 3e priis bij de welpen jongens troch elkoar lotsjen.

Loting vernieuwende kaatscompetitie “Greidhoekepartij” zaterdag 8 mei

De loting van de vernieuwende kaatscompetitie, onder de naam van “Greidhoekepartij”, zal plaats vinden op zaterdag 8 mei om 20.00 uur in de kantine van de KF Wommels. Dit vernieuwende initiatief, opgezet door vier kaatsverenigingen in de gemeente Littenseradiel, te weten KF Easterein, KF Onder Ons Easterlittens, KF Jacob Klaver Mantgum en KF Wommels krijgt officieel het startschot op 8 mei.

Lees meer