Al wer in priis!

Minnertsgea, 19 july 2006. Yn de twadde omloop hat it frije formaasje partoer mei Afke Kuipers it partoer fan Afke Hylkema, Gejanna Buma en Debora Oosterman der ôf keatst. 5-5, 6-6. Doe moast Gejanna wer opslaan en kaam de bal bûten it perk. Jindra, Anna-Lynn en Afke wiene sa bliid en ús hartslach wie sa heftich! Yn de 3e omloop wie de kriech der wat ut. It partoer fan Imke van der Leest, Maaike Joostema en Fenna Zeinstra pakten eltse kear de punten op 6-6. Sy ha de 1e priis fertsjinne. bron en foto: Antje Kuipers

in krânse wykein foar Afke

Snein 16 july wûn Afke mei har frije formaasje pertoer yn Húns mei Anna-Lynn Wijbenga út Ferwert en Jindra ten Kate út Hallum by de dames senioaren de earste priis. (Foto: Antsje Kuipers). De sneon derfoar wist Afke by it troch inoar lotsjen yn Ie mei Karin Ijsbrandy út Ljouwert en Nynke van der Meij út Holwert ek al de krâns te pakken. It ritme sit der goed yn. Nei in lange reeks fan preemjes komme dan no de krânsen. De ynspanningen wurde beleanne. Lokwinske Afke.

Partoer Ie moaie winner fan de gouden klaverkes op tredde Jong Fammedei

Yn in moaie en spannende finale wûn it earstejiers senioarepartoer fan Ie mei fiif earsten gelyk en 6-4 fan Dronryp. Op dy stân koe de tuskenynse opslach fan Klaske de Jong net goed ferwurke wurde troch it perk fan Dronryp. In moaie en terjochte winner. Net ien kear hie Dronryp yn de finale foarstien en wiene it faak foutsjes fan Ie dy’t der foar soargen dat Dronryp hieltyd yn de partij bliuwe koe. En, dat moat ek sein wurde, troch de fechtersmentaliteit fan it Dronriper partoer ûnder oanfiering fan Imke van der Leest. De finale wie dêrmei in weardich beslút fan in prachtige keatsdei dêr’t yn alle omlopen spannend keatst waard.

Lees meer

Meisjes Mantgum toonden mooi spel in twee omlopen tijdens NK

Zaterdag 1 juli vond het NK meisjes plaats te Beetgum. Mantgum was met de NK-overwinning van Riemke, Afke en Thalia in 2005 titelverdediger. Dit jaar streden Ilse, Thalia en Elaine voor de eer van Mantgum. De eerste omloop wonnen de meisjes met 5-3 6-4 van het sterke Beetgum. In de tweede omloop tegen Stiens liep het wat moeizaam. Stiens pakte al snel de leiding en breide die uit tot 4-0. Ondanks gewaagde maar o zo succesvolle coaching van Joke Koldijk lukte het niet meer om de partij met winst af te sluiten. Stiens won met degelijk spel van Mantgum met 5-4 6-2. Hulde namens onze vereniging aan de nieuwe bondswinnaars uit Goeinga (Wiljo Sybrandy en Marije van der Meer).

Lees meer

30 juny

In protte krânsen op de lêste dei yn juny. Baukje, Elina en Hiltje Pietje namen út Wommels de krâns mei nei hûs fan de Federaasje ôfdielingskompetysje. Se moasten yn harren lêste partij djip yn harren reserves mar it slagge. By it stritkeatsen gong de hiele famylje van der Galiën mei in priis nei hûs en trije mei in krâns. Dit is op syn minst in plaatsje en in felisitaasje wurdich.

Meisjes weer in de prijzen

Op zaterdag 24 juni werd in Baard een del-wedstrijd gespeeld in plaats van de geplande uitnodigingswedstrijd. Dit vanwege het NK dames waar verschillende meisjes aan deelnamen. Ilse Noorman won in Baard de krans samen met Mariska Hoogland en Ant Volgels. Onze dames Baukje Aalbers, Afke Kuipers en Riemke van der Zee, hebben prima gepresteerd tijdens het NK te Minnertsga. In de eerste omloop wonnen ze met 5-0 van Goënga. De tweede omloop werd Akkrum met Afke Hylkema op een eindstand van 5-2 gestopt. In de derde omloop verloren ze van het sterk kaatsende Witmarsum die uiteindelijk de premie opstreek tijdens dit NK. Zondag 25 juni verloor Thalia in de eerste omloop met haar vrije formatie partuur samen met Anke Marije Pompstra en Wiljo Sybrandy op 5-5 6-4. In de daarop volgende del-wedstrijd won uiteindelijk Wiljo de krans en Thalia de premie.

Afke, Ilse en Thalia yn de prizen

Hjoed hie Afke mei har frije formaasje partoer de twadde priis yn Holwert. Se hie wer lest fan de âlde blessure en har maat Jindra hie in blessure oan de skouder. It partoer bleaun yn e earste omloop stean en yn e twadde krige se lest en waard har skonk yn ‘e tape set. Dernei wie se balkearder en Anne-Lynn Wybenga sloech foar best op. Alles waard út e kast helle! Yn e finale kamen se foar mei 3-0. Mar op 3-0 6-6 sloech Linda Terpstra in sitbal, en dat waard it brekpunt fan de party. It partoer fan Kuipers c.s. kwam net mear oan bod. De wedstriid waard wûn troch it partoer fan Linda Terpstra, Annalyn Hanje en Judy Bergsma op 5-3 6-2 die de hiele dei poerbêst keatst hawwe.(bron Antje Kuipers) Akkrum 17 juni 2006 Bij de meisjes d.e.l. was de eerste prijs voor Wiljo Sybrandy (Goënga), Lucy IJsselmuiden (Jirnsum) en Ilse Noorman (Mantgum). De premie was voor Feikje Bouwhuis (Bolsward), Ingrid van der Veen (Hurdegaryp) en Tialda de Vries (Wergaa) en voor Thalia Reitsema (Mantgum), Jacobien Postma (Bolsward) en Michelle Bruinsma (Bolsward).(bron KNKB site)

It earste WK fan de JK (fan JK)

Der wienen fiersten temin opjeften foar de teatspartij dy plant wie foar hjoed, snein 11 juny 2005, mar wat wie it moai hjoed op it sportfjild yn Mantgum. De JK fan JK hie dizze dei ek it WK fan JK organisearre. De teatspartij waard ôflost. De jeugd kaam yn it oranje te keatsen hjoed. Yn fiif perken waard der omraak keatst. Jo kinne sjen dat oandacht en training resultaat opsmyt. Wat wie it gleon, faak waard it earst pas pakt op 6-6. Moai wat publyk op de banken en efter de tillegraven. Oare kear kinne der fansels noch folle mear by want der binne noch mear banken. De prachtige wikselprizen krije it kommende jier in moai plakje by de winners thús. Hjirneist de priiswinners fan de earste WK fan de JK (fan JK).

Lees meer

It giet goed mei de keatsters fan Mantgum.

In opsomming fan de resultaten fan it ôfrune wykein; Yn Koarnjum wûn Elaine Reitsema yn de meisjes kategory de krâns mei Evelien Westra en Lysbet Bakker. Hja wûnen de finale fan Mariska de Vries, Berber Roosma en Kim de Jong. Afke Kuipers stie freed yn de finale yn Stiens mei Inge Algra en Romy van der Veen.(op de foto vlnr: Romy van der Veen, Afke Kuipers en Inge Algra). Sy ferlearen hjir mei 5-3 6-2. Sneon kaam hja alwer yn de finale yn Ternaard mei Helena de Vries en Brecht Gerbrandy. Dizze kear waard it 5-5 6-0 dus wer de preemje. Baukje Aalbers wûn yn Ternaard de tredde priis mei Margerietha Goodijk, Rianne van Baarsen. Hjoed, snein de 11e, kaam Afke mei Baukje en Riemke as it Mantgumer ôfdielingspartoer ek yn de finale. Ljouwert wie te sterk mei 5-1 en 6-6. De froulju fan Ee waarden hjoed tredde.

federaasjekeatsen yn Mantgum

de útslagen fan de federaasjepatij yn Mantgum kinne jo hjir lêze. Op de foto alle winners bijelkoar. Bij de KNKB-meisjes was de eerste prijs voor Margit de Groot (Sint Annaparochie), Berber Roosma (Stiens) en Nynke Stiemsma (Lioessens). In een spannende finale werd met 5-5 6-0 gewonnen van Ilse Noorman (Mantgum) , Nynke Andringa (Grou) en Lisanne van der Meulen (Sint Jacobiparochie). (bron KNKB site)

Lees meer

Mooie kaatstdag tijdens Hoxwierster merk

Bij de vrije formatie wedstrijd dames senioren in Mantgum op 21 mei 2006 is de eerste prijs gewonnen door Linda Terpstra (Stiens), Joutsen Okkema (Oosterend) en Judy Bergsma (Tirns). In de finale versloegen zij Klaske de Jong (Ie), Sjoukje Visser (Ie) en Aukje van Kuiken (Kollumerpomp) met 5-4, 6-6. Linda c.s hadden de finale bereikt door in de eerste omloop Adrea de Jong (Wytmarsum) Helena de Vries (Menaldum) en Tamara Ziengs (Akkrum) te verslaan met 5-4, 6-2. In de tweede omloop waren zij te sterk voor Jessica Huizinga (Sint Annaparochie) Bettie Punter (Rie) en Annefrouke Dijkstra (Oudebildzijl). In de derde omloop) had het partuur van Linda Terpstra een staand nummer. De tweede prijswinnaars hadden in de eerste omloop een staand nummer. In de tweede omloop kwam het partuur van Klaske de Jong uit tegen Petra Viëtor (Raerd) Anna-Lynn Wijbenga (Ferwert) en Jindra ten Kate (Hallum). In de derde omloop was het afdelingspartuur van Ie te sterk voor Rita Valk (Deinum). Rianne van Baarsen (Hallum) en Nynke van der Mey (Holwert). Dit laatste partuur won in Mantgum de derde prijs. Bij de vrije formatie dames hoofdklasse in Baard was de derde prijs voor Baukje Aalbers, Geeske Hibma en Ingrid de Haan.

13 en 14 maaie

Sneon hat Baukje Aalbers út Mantgum mei Fokje Hoekstra en Joutsen Okkema yn Ferwert de wedstriid d.e.l. foar de dames senioaren wûn. De tredde priis gong nei Riemke van der Zee út Mantgum mei Margarietha Goodijk en Aukje van Kuiken De d.e.l. wedstriid foar de 50+ manlju yn Hilversum is sneon wûn troch it partoer fan Johan Sikkema (Emmeloord), Harry de Boer (Sint Nicolaasga) en Tom Twerda (Putten). Johan is fansels âld Mantgumer. En dan fansels de earste grutte klus fan de JK fan JK. Om healwei alven begongen alle bern mei in warming up. Elts krige in ballon mei in toutsje oan it ankel en hja moasten prebearje de ballon fan de oare bern stikke te traapjen. Kristian van Zadelhoff syn ballon bleaun hiel. Oar de dei binne der trije omlopen keatst, hieltyd mei in oare maat. Oan de ein fan de dei wienen de priiswinners bekend. By de pupillen wie de 3e foar Jan van der Meer, de 2e foar Jente Wieberen Muller en de !e priis foar Geart Reitsma. By de skoaljeugd wie Martin Weda de 3e priis winner, Hendrika Reitsma hie de 2e en de 1e priis wie hjir foar Johannes Muller. Hjirneist de dielnimmers.

Meisjes afdelingspartuur wint brons te Arum

Zondag 14 mei was de eerste afdelingswedstrijd in de categorie meisjes van dit seizoen. Voor Mantgum kwamen uit Ilse Noorman, Thalia & Elaine Reitsema. In de eerste omloop wonnen de meisjes met 5-1 6-2 van Marsum. De tweede omloop kregen ze iets meer tegenstand, maar ook het partuur van Bolsward met Feikje Bouwhuis moest met 5-2 6-6 het onderspit delven. In de derde omloop verloor Mantgum met 5-2 6-4 van het op en uit sterk kaatsende Easterein. De meisjes van Easterein (Brit Scheltema, Anke Marije Pompstra en Marije Hiemstra) wonnen uiteindelijk de krans in de finale tegen Beetgum. Ook Stiens (Berber Roosma en Rixt Bijlsma) won een derde prijs te Arum.

6 maaie

Yn har twadde partij bij de dames haadklasse hat Afke Kuipers mei har maten Anna-Lynn Wijbenga en Jindra ten Kate de tredde priis wûn. Dit wie ôfrûne sneon yn Frentsjer. Yn de twadde omloop mankearde der neat oan, krekt ferlern fan Hilda Tjepkema, Tineke Algra en Marike Beckers (dy wûnen letter de preemje) mei 5-5 en 6-6. Dernei moasten hja noch om de tredde of neat en die pakten sy mei 5-2 en 6-2 tsjin Maaike Joostema, Inge Algra en Romy van der Veen.

7 maaie 2006

Snein yn Berltsum by de dames senioaren d.e.l. gong de eerste prijs nei Margerietha Goodijk (Berlikum), Riemke van der Zee (Mantgum) en Nynke van der Meij (Holwert) hja wûnen de finale mei alles oan de hang fan Rita de Valk (Deinum), Jannie de Haan (Ferwert) en Gemma Miedema (Skearnegoutum). Lokwinske mei dizze prestaasje. Snein wie yn Mantgum de earste ledepartij foar senioaren. By de manlju gongen de prizen nei: 1. Johannes de Jong en Hessel Veenstra, 2. Jan Reitsma en Jan Dik Slop, 3. Lieuwe Fopma en Piet van der Veen. By de froulju: 1. Hiltje Pietje Muller en Elina Slop en 2. Anke Koldijk en Jessy Bonekamp. Oare wike snein de earste ledepartij foar de jeugd. Fan ôf healwei alven. It earste wapenfeit fan JK fan JK.

Een mooie begin dit nieuwe seizoen

Zowel onze nieuwe lid Baukje Aalbers als ook Afke Kuipers zijn beide met hun vrije formatiepartuur voor de eerste serie wedstrijden toegelaten tot de hoofdklasse bij de dames. Baukje Aalbers kaatst met Tea Kingma en Ingrid de Haan Afke Kuipers kaatst met Annelien Wijbenga en Jindra ten Kate. Natuurlijk houden wij u graag op de hoogte van hun prestaties. De seizoens iepening ledekeatsen is snein 7 maaie, foar mear ynformaasje sjoch de poster hjirneist.

Johannes Brandsma op de Gielguorde

Skoalkeats projekt. Hjoed, 19 april 2006, wie de twadde kear dat Johannes Brandsma op de Gielguorde wie om de bern fan groep 5 en groep 6 kennis meitsje te litten mei it keatsen. Fansels wienen guon bern al earder mei keatslessen dwaande west mar yn de gimmestykles keatsles fan in echte topper, wa wol dat net. Meester Herman helpt Johannes Brandsma bij de lessen yn dit skoalkeats projekt. Bern dy ‘t noch net meikeatse by K.F. Jacob Klaver, binne fansels wolkom by de keatstrainingen fan de feriening. Sy hawwe allegearre in briefke mei ynformaasje meikrigen. Johannes Brandsma komt noch twa kear yn de gimmestykles fan groep 5 en 6. Meikoarten is er ek noch yn de les op skoalle om wat te fertellen oer keatsen, de want en sa mear.

Aksje DE SOKKE KENING Aksje

Sokken ferkeap Jacob Klaver Wy hawwe op ’e kop tikke de ferneamde – orizjinele Tsjechyske breiden keatssok “Cesky Vyrobek”. Yn ferskate kleuren en maten (38 – 46) Priis € 2,50 it pear, 5 pear foar € 10,- Bestelle by Geart 058 2501712

Huldiging fan de famkes NK 2005 yn doarpshûs de Wjukken (sjoch ek it foto album)

Freed 2 desimber is yn it doarpshûs de Wjukken yn Mantgum ús famkes ôfdielingspartoer huldige. Der wienen in protte belangstellenden op ôfkommen. It winnende partoer fan de earste bûnswedstriid yn 1984 wie oanwêzich. Dit wie it partoer fan Wommels t.w. Bettie Vellinga, Lia de Jong en Antsje Smeding. Lia seach noch efkes werom nei 1984, wat sy der noch fan wist, wat se dernei noch allegearre wûn hie en hokker oare nammen sy noch wist út it ferline.

Lees meer

priiswinners kompetysjekeatsen 2005

De prizen fan it kompetysjekeatsen sille ek útrikt wurde op de jûn fan de resepsje 2 desimber yn de Wjukken. Foar harren dy net mear witte wa de prizen wûn ha: 1e priis Lieuwe Fopma 2e priis Durk Kaastra 3e priis Anne Terpstra In reden te mear om op 2 desimber jûns nei de Wjukken te gean.

Yde Klaas Dijkstra nimt yn styl ôskie mei winst op 56-ste Lytse PC yn Mantgum

Wa gunde it Yde Klaas Dijkstra net: de winst op syn lêste partij? It waard him net allinne gund, hy ferstjinne it ek mei de geweldige stipe fan syn maten Peter Dijkstra en Rene Anema. De kroan krige de foar bêst opslager krekt net. It keningskip waard mei ien punt ferskil gund oan good old Peter Dijkstra dy’t syn paadsje foaryn knap skjin hood en ek de hiele dei de foar minst foar syn rekken naam. It wie Peter syn twadde winst yn krap tweintich jier Lytse PC. En it wie in moaie oerwinning yn in gelyk opgeande finale dy’t mei alles oan de hang beslikke waard troch Peter Dijkstra dy’t de lytse keats foarbysloech. De finale makke dêrmei in soad goed want yn alle omlopen wiene der einlik allinne mar iensidige partijen te sjen. In list mei 24 pertoeren en dan al foar fiven út sei’t wat dat oanbelanget genôch. (Sjoch ek: Fotoalbum/Lytse PC 2005)

Lees meer

2e Jong Famme Partij gewonnen door Dronrijp

De 2e Jong Famme Partij is in een spannende finale gewonnen door Dronrijp. Zij versloegen Bolsward met alles aan de hang. Een beeldverslag van deze dag kun je vinden onder het kopje \fotoalbum\".

Mantgumer skoaljonges winne de Federaasje ôfdielingskompetysje

ôfrûne freed te jûn wie de lêste fan de trije wedstriden yn de ôfdielingskompetysje fan de federaasje Littenseradiel. Jasper Visser, Menno Bonekamp en Johannes Muller wisten by de skoaljonges de measte earsten byelkoar te keatsen. Yn Easterwierrum stienen sy yn de finale tsjin Wommels, letter yn Winsum hellen se alwer de finale, doe tsjin Wiuwert Britswert. Beide kearen kamen se mei de twadde priis thús. En freed wie de leste jûn, yn Wommels. Yn in spannend poeltsje waarden se twadde mei 18 earsten efter Jorwert mei 19 earsten. Yn dizze kompetysje waard Wommels twadde en Wiuwert Britswert tredde. It skoaljonges pertoer mei Martin Weda en Feiko van Zadelhoff wisten it de leste jûn noch spannend te meitsjen troch mar krekt te ferliezen fan Wommels mei 5-5 en 6-2. De skoalfamkes Maartje Slop Hendrika Reitsma en Marieke Bonekamp binne yn harren kompetysje fjirde wurden.

Fiif doarpenpartij 19 juny 2005

Hjir binne de winners by de jeugd: Hendrika Reitsma, Yde Gjalt van der Hem, Hessel Veenstra, Jasper Visser, Feiko van Zadelhoff, Kristian van Zadelhoff, Jente Wieberen Muller, Sjoerd Rozenberg, Jorrit Meinsma, Hylke Zondervan, Janneke Blanken, Sjoerd Theo van der Hem, Ulbe Blanken en Marijke Abma. Ymkje van der Hem wie al nei hûs.