Winners B-klasse famyljekeatsen

Omdat er net meardere foto’s by ien stikje kinne, hjirby ek noch de foto fan de winners fan de B-klasse: Famylje Van der Valk.

KNKB pelote kompetysje dames

De Mantgumer froulju dogge dit jier foar it earst mei oan de KNKB kompetysje fan it peloten. Der doche 7 frouljuteams mei, welke ferdeelt binne yn twa poules. Yn poule A keatse Winsum, Boazum en Mantgum. Yn poule B striide Easterein, Easterlittens, Deinum en Weidum om in plakje yn de (krús)finales. De earste twa ut de poules gean troch, Oer poule B ha wy net in soad mei krigen, mar poule A witte wy alles oer te fertellen.

Lees meer

18 juny 2010, wat wie der toen ek alwer?

Famyljekeatsen, in partij yn opkomst by keatsferieniging Jacob Klaver! Nei in topopkomst yn 2009 in lytse weromfal yn 2010, mar noch steeds koe der keatst wurde yn in A- en B-klasse en dat foldie wer poerbest.

Lees meer

KNKB welpenjonges A en B, 29 augustus 2010

Buienradar meldde it hiele wykein al dat it gâns in toer wurde soe dizze lêste welpen wedstriid troch gean te litten. Mar we doarden it oan. We binne sels begûn mei hiel ridlik waar, mei sa no en dan it sintsje d’r efkes bij. Dit soe net sa bliuwe, om 11 oere hiene we in beste bui. Dochs waard nei in 20 minuten skûljen besletten troch te gean. Dit hat in goed bislút west. We koenen it net de hiele middei droech hâlde mar de grutste buien gongen om ús hinne.

Lees meer

Afke har 5e PC

Yn 2006 wûn Afke Kuipers de tredde priis op de froulju’s PC Yn 2008 it ultieme súkses, winst mei Leonie van der Graaf en Ingrid de Haan Yn 2010 is it wer raak, no de twadde priis mei Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra Noch mar 22 jier âld en dan al sa’n oersjoch, in prestaasje om grutsk op te wezen.

Lees meer

Ids van der Ende partij 22 augustus 2010

Suterige waarberjochten, mar Pyt Paulusma hat it mis! De buien geane boppe ús lans, alinne om healwei trije oere in snjitter fan 5 minuten Om 11 oere tagelyk begjinne, sawol de jeugd as de âlderen.

Lees meer

Mantgumer kaatsbeloften blijven winnen...

Nei in koarte fakansje thús komme, is it fansels altiten moai om te sjen dat de MANTGUMER keatsjeugd yn de tuskentiid net stilsitten hat. In lytse surftocht op de webside fan de KNKB levere it folgjende byld op:

Lees meer

De aanhouder wint....

Het is soms een hele opgave om altijd weer mee te doen aan kaatswedstrijden als je nooit eens een prijs wint. Dat was tot zaterdag het geval met ons jeugdlid Bregt Arendz. Ze vertelde dat ze soms ´s morgens geen zin had om er weer heen te gaan. `Mar as ik der ien kear bin, fyn ik it altiten ek wol wer moai.` Een prima instelling die afgelopen zaterdag in Hartwerd werd beloond met een derde prijs op de d.e.l. wedstrijd voor pupillen. Trochsette Bregt, want as der ien skiep oer de daam is, folge der mear!

Lees meer

Jennie wint de krans in Wjelsryp

Jennie Terpstra won zaterdag 31 juli de eerste prijs op een pupillen KNKB partij in Wjelsryp. Ze behaalde de prijs met Louise Knol uit EE.

Parse en foto’s

Mantgum stie ofrûne wieke aardich yn de picture mei de Jong Famme Partij en de Greidhoeke Kompetysje. Wij wolle jim al de oandacht net ûnthalde. (foto; Henk Bootsma)

Lees meer

Fantastysk keatsend Boazum moat nei dramatyske polsbreuk fan Wiljo Sybrandy de priis oan Ie litte op

It soe in prachtige finale wurde ôfrûne sneon op de Sande Jong Famme Partij. Ommers Ie en Boazum wiene as de twa absolute toppers yn de finale kaam. Beide partoeren hiene yn trije omlopen mar trije earsten tsjin krigen. En foaral Boazum hie yndruk makke. Se fersloegen oare favoriten as Penjum (foarich jier twadde) en St. Anne yn har oanloop nei de finale. It rûn oars. Der wie noch mar ien earst ferkeatst yn de finale doe’t Wiljo Sybrandy ûngelokkich op har pols telâne kaam. Sadanich slim dat se mei in brutsen pols opjaan moast. It minne waar mei tonger dat foarsein wie bleau út, mar dit sloech foar elk hurder yn as de ferwachte tongerslach. Litte we hope dat it skaad oer dizze moaie partij net symboalysk is foar de takomst.

Lees meer

Keatsclinic grut sukses

Op tiisdei 29 juny wie de keatsclinic. Jeen hie der in protte nocht yn, hy soe namelijk training krije fan de beste keatsers fan de wrâld. Op it fjild stienen Pyter Sybren Skarringa, Jouke Bosje, Gerrit Meijer, Teake Triemstra, Daniel Iseger en Gert Anne van der Bos dy’t hiel enthousiast mei de bern omgienen.

Lees meer

Lotting Jong Famme op Fideo

Op de ûndersteande link kinne jim de lotting foar de 7 Jong Famme Partij fine. Ek is de lotting te besjen mei in intervieuw mei foarsitter Oostra.

Lees meer

Lêste wedstriid Greidhoeke kompetysje yn Wommels

Foar jûn stiet de lêste kompetysjeronde yn de Greidhoeke Kompetysje op it programma. Mantgum moat it yn harren lêste wedstriid opnimme tsjin Wommels. Op it oare fjild yn Wommels spylje Easterein tsjin Easterlittens. (foto; Henk Bootsma) De Mantgummers kinnen yn harren lêste wedstriid noch wol wat stipe brûke. Nei de tiid priisutrikking en muzyk yn de kantine yn Wommels.

Noch mear priiskeatsers ofrûn wykein.

Sneon wûn Ignas Dijkstra it federaasjekeatsen yn Wommels. In moaie opstekker fansels. We hawwe fernommen fan ús keats korrespondent yn Wommels dat Ignas foar yn it perk oergriselijk grutte keatsen sloech en dat der sels ek noch 2 ballen boppe slein hie. Klik op de link ûnderoan om Ignas mei krânse te bewonderjen. Op freuledei, jongerein, federatie, 2010, Wommels. Bij de KNKB wie de finale yn de ferlierzersronde in onder onsje tusken Gjalt en Jelle. Beide mannen moasten der wol foar keatste. Jelle yn totaal 5 kear en Gjalt 4 kear. It wie Gjalt dy’t yn de finale oan it langste ein luts en de earste priis ophelje mocht. Gean sa troch jongens!!

Lees meer

Ilse Noorman twa kear efterinoar yn de krânse

Ilse Noorman hie in goed keatswykein. Sawol sneon by it t.i.l. yn Tytsjerk as ek in dei letter yn Huzúm mei har frije formaasje partoer wist sij de earste priis te winnen. In moaie opstekker foar Ilse, sa flak foar de Jonge Famme partij.

Lees meer

Krekt gjin priis foar Brecht, Amarins en Jennie op NK

Sneon 26 juny dienen Brecht Arendz, Amarins de Groot en Jennie Terpstra foar ús feriening mei oan it Nederlâns Kampioenskip yn de welpenkategory. Se hienen in moaie lotting mar soks is fansels net altiten in garânsje foar sukses. Boppedat wie it moai om te sjen dat de jonge famkes yn Boazum ek in protte belangstelling en morele stipe krigen fan ús leden.

Lees meer

Keatsclinic

Jeugdleden fan K.F. Jacob Klaver traine mei keatstoppers Tiisdei 29 juny om 7 oere jûns op it sportfjild fan Mantgum Team Construction 7 fersoarget de training mei: Gert-Anne van der Bos Holwerd PC WINNER Teake Triemstra Sint Jacobiparochie PC WINNER Daniël Iseger Ljouwert PC WINNER Gerrit Meijer Hurdegaryp TALINT Jouke Bosje Baaium FREULE WINNER Pieter Sybren Scharringa Wjelsryp FREULE WINNER Thomas van der Meer Baard TRAINER EN PC WINNER

Lees meer

Strjit keatsen, woansdei 23 juni

Foar it earst dit jier op jûn noflike temperaturen Ideaal strjitkeatswaar dus Fan ’e jûn de jongeren 6 partoeren bij de welpen 3 partijen wurde op fiif earsten gelyk beslist 1e priis foar Gjalt de Groot en Thomas van Keulen 2e priis Mathijs van Keulen en Rutger Mulder 3e priis Jelle Terpstra en Wout Jan Slop 6 partoeren bij de skoaljeugd Ek dêr in protte spannende partijen 1e priis Jenny Terpstra en Wisse Arendz 2e priis Jente W. Muller en Amarins de Groot 3e priis Tjardo Bouma en Reinder Bonekamp Tongersdei fuotbal en freed strjitkeatsen foar de folwoeksenen.

Hedwich Stienstra en Sander Hageman winnen Pearke Teatstitel

Voor de vierde maal organiseerde keatsferiening Jacob Klaver Mantgum, samen met de Mantgumer Tennisclub, het open kampioenschap Pearke Teatsen van Littenseradiel. Er wordt geteatst als tweetal (man + vrouw). Op 20 juni s’morgens om 10 uur werd er begonnen aan de vierde aflevering van het Teatsspektakel. 37 tweetallen hadden zich ingeschreven, er werd gespeeld met een verliezersronde. Om 16.25 uur viel de laatste slag toen in de verliezersronde de plaatselijke favorieten Baukje Stienstra en Johannes de Jong in een spannende partij op 5-4 en 6-6 wisten te winnen van Alinda Miedema en Hendrik Jan Finnema. De derde prijs werd behaald door Wytske Cnossen en Johan Jilderda.

Lees meer

De erfenis fan Jacob Klaver (diel 2)

Sa as yn diel 1 beskreaun, is der nei it ferstjerren fan de pakesizzer fan Jacob Klaver it ien en oar oer de nammejouwer fan ús keatsferiening boppe wetter kommen. It houtsnijwurk is fansels prachtich erfguod en in moai oantinken oan de nammejouwer en earste foarsitter fan ús keatsferiening. Mar der is mear.

Lees meer

De erfenis fan Jacob Klaver (diel 1)

Woansdei 2 juny 2010, wie ik te gast by de oerpakesizzer fan Jacob Klaver. Dizze man dy’t net neamt wurde wol, wie mei syn heit op 9 maaie 2003 as “special guest” oanwêzich op de resepsje fan it ieufeest fan ús keatsferiening. As noch libbene neiteam fan keatskening Jacob Klaver krigen hja doe út hannen fan foarsitter Anne Muller as earste it jubileumboek oanbean. Hoewol dizze famylje de bining mei de keatssport ferlern hie, wie it oantinken oan Jacob Klaver wol sa grut dat hja yn de jierren tachtich fan de tweintichste ieu meibetelle ha oan de tinkstien op it tsjerkhôf yn Mantgum. In famylje mei grut histoarysk besef.

Lees meer