FINALE GREIDHOEKE KOMPETYSJE AFGELAST

In verband met verplichtingen elders en het begin van vakanties konden de teams niet meer volledig of op volle sterkte aantreden. Om die reden is besloten de finale uit te stellen tot een nader te bepalen datum.

Pannekoek ite op it WK fan JK

It fjild fan de Jong Famme Partij wie it decor foar it WK fan JK. In WK waardich fjild mei sponsorboerden, in tinte foar de journalisten, in tinte foar de V.I.P’s en fansels wienen alle topkeatsers út Mantgum fan de partij.

Lees meer

Woansdei 13 july 2011 finales Greidhoekekompetysje

Kom woansdei 13 july 2011 allegear om 19.30 yn Wommels. Der wurde de finales fan’e Greidhoekekompetysje ferkeatst. Mantgum moat tsjin St. Anna oantrede foar it 5e of 6e plakje. Nei ofrin in gesellich samenzijn mei alle teams under it genot fan in drankje en musyk!

KNKB kompetysje peloten

Neidat de pelotekompetysje foarch jier foar Mantgum in grut sukses wie, moast der dit jier natuurlik wer oan meidien wurde. Sawol de manlju as de froulju doche mei en se wolle beide hun titel ferdedigje. De mannen foarch jier kampioen yn’e B-poule. Om bepaalde redenen binne se net nei de A-klasse gien, derom no mar sjen litte dat dat eins wol moatten hie. De earste wedstryd waard troch de mannen mei 8 – 0 wun, dus de goeie lijn is ynsetten. De froulju binne in wike letter begun en wol op moandei 11 july. Se moasten (net foar it earst dit jier) tsjin Easterlittens. Noch net ferlern dit jier en derom dit no ek net dien. It gie net sa maklik as de letste kearen, mar dat makket neat. De punten binne binnen en ek hjir is it begin makke foar in suksesje. Oare wike moatte de froulju tsjin Deinum oantrede, wat wol ris de grutste konkurint weze koe. Dus kom allegear oare wike de froulju oanmoedigjen op it keatsfjild fan Mantgum om 19.30!

Famyljekeatsen 2011

Op freed 8 july is de striid wer oangien tusken de ferskillende stammen ut Mantgum en omstreken: it famyljekeatsen. Nei jierren in oprinnende opjefte moasten we dit jier in stapke werom dwaan en kamen mar op sawn petoer. Op de eardere datum wie der mear opjefte, mar dat koe troch omstandigheden net trochgean.

Lees meer

Bregt, Amarins en Jennie pakke de priis by de KNKB ôfdielingswedstriid pupillefamkes

Hja skreaunen foar de twadde kear dit jier in ôfdielingswedstriid op harren namme, op 21 maaie yn Britsum en no snein yn Reduzum. Jennie en Amarins wiene juster op it NK Skoallefamkes ek al hiel ticht bij in priis. Op 5-5 en 6-2 ferleren hja mei Hedwig Dijkstra om de tredde priis krekt fan Peins. Troch kalm te bliuwen en konsintreare te keatsen wisten hja fan in 5-1 efterstân wer om te kommen ta fiijf earsten gelyk. In bysûndere prestaasje, want Jennie en Amarins diene mei as dispensaasje spylster. Mar hjoed yn Reduzum wie it rekke, Bregt, Amarins en Jennie wûnen de finale oertsjûgjend fan Jirnsum. Op 5-1 en 6-2 waard de keats foarby slein.

Lees meer

Greidhoeke kompetysje woansdei 29 juni 2011 Mantgum – Wommels.

Ofrûne woansdei wie it wer safier, in wedstryd foar de Greidhoekekompetysje. Dit kear moasten ús keatsers tsjin Wommels. De earste kear gong de striid tsjin en yn Wommels ferlern mei mar leafst 3 – 0. Revanche wie dus wol op syn plak. Foaral de froulju wiene belust op revanche. Harren ferlies wie mar min te setten en no woene ja wol efkes sjen litte hoe de kaarten der bij leinen.

Lees meer

Mantgum wint 2e prijs bij Provinciaal schoolkaatsen

Afgelopen woensdagmiddag is op de velden van LKC Sonnenborgh voor de 51e keer het Provinciaal schoolkaatsen gehouden Bij de schoolmeisjes was de overwinning voor It Funemint uit Wommels met de kaatssters Sjanet Wijnia, Martzen Deinum en Hedwich de Boer. De premie was voor de Gielguorde uit Mantgum met Bregt Arendz, Amarins de Groot en Jennie Terpstra.

Lees meer

Frentsjer wint foar de twadde kear de Jongfammepartij yn Mantgum

De achtste edysje fan de Jongfammepartij yn Mantgum is foar de twadde kear yn de histoarje wûn troch de ôfdieling Frentsjer. Sy fersloegen yn in net al te spannende finale it partoer fan Bitgum mei 5 om 3 en 6-2. It wie ek foar de twadde kear dat Manon Scheepstra de gouden klaver meinimme mocht.

Lees meer

Kompetysje omloop njoggen.

Mei de Jong Famme Partij foar de boech wie der fan fjild lizzen gjin sprake. De achttjin keatsers koene nei yndieling fuort en daliks los. In it earste perk keatste de jeugd.

Lees meer

K.F. Jacob Klaver set de Jong Famme Partij noch better op de kaart

Fan’t winter ûntstie it idee om in wike foar de Jong Famme Party buorden by de dyk te setten, sadat eltsenien witte kin wannear de Jong Famme Partij plakfine sil. De buorden steane der no en eltsenien dy’t Mantgum mei de trein, auto, fyts, brommer, scootmobiel of rinnende binnenkomt falt it daliks op ’’Kommende sneon de Jong Famme Partij’’

Lees meer

Keatsclinic, jeugdleden fan K.F. Jacob Klaver traine mei keatstoppers

Tiisdei 28 juny om 7 oere jûns op it sportfjild fan Mantgum , foarôfgeand oan de lotting fan de Jong Famme Party, krigen de jeugdleden ekstra keatsles. Trije keatsters fan it earste en ienigste keatsteam ’’de Fjouwersprong’’ fersoarge de training. De entûsjaste bern krigen in clinic jûn troch Afke Kuipers, Bianca van der Veen en Wiljo Sijbrandij.

Lees meer

K.F. Jacob Klaver set syn keats(t)ers yn ’e klean

In fearnsjier lyn hat keatsferiening Jacob Klaver by Muta Sport nije trainingspakken besteld Dizze wike wienen de pakken klear en koene de nije klean presinteare wurde. Woansdei te jûn waard yn Mantgum de Greidhoeke kompetysje ferkeatst In moai momint om de nije outfit sjen te litten oan keatsers en publyk. De pakken sille brûkt wurde troch dyjinge dy’t K.F. Jacob Klaver fertsjintwurdigje by ôfdielings wedstriden. We binne der fan oertsjûge dat dit prestaasje ferheegjend wurkje sil.

Peloten froulju 2011

It is alwer in tiidsje lyn, mar wy wolle net oan jim foarby gean litte dat de froulju de kompetysje fan de Federaasje wun ha! Yn de A-poule wienen mar fjouwer teams yndielt: Winsum 1, Easterlittens, Spannum en Mantgum. Der hoefden dus mar trije potsjes peloten te wurden. Fan de earste tsjin Spannum is hjir earder al ferslach dien. Die wedstryd waard wun mei 10 – 4. De wike dernei moasten de froulju oantrede tsjin Winsum. Allinich gie it der mis, fander dat it ferslach ek wat langer op sich wachte hat.

Lees meer

Lotting 8e Jong Famme Party

Tiisdei te jûn om 20.15 oere hat de lotting plakfûn fan de 8e Jong Famme Party Keatsteam de ‘’fjouwersprong’’ hat tusken 18 en 19 oere earst in clinic fersoarge foar de jeugdleden fan K.F. Jacob Klaver. De bern wat drinken en dernei de lotting. In 25 tal minsken, werûnder wedstriidsponsor GrondNet, fertstintwurdige troch Wilco Fopma en keunstenares Hennie Broers fan Nyello, dy’t de prizen foar de Jong Famme Party makket, binne oanwêzich en lûke om beurten in lotsje. Wat dit oplefere hat, sjogge jimme op de wedstriilist wer’t 19 partoeren opstean.

Lees meer

Loting 8e Jong Famme Partij, dinsdag 28 juni 20.15 uur in Mfc. de Wjukken te Mantgum

Hierbij wil K.F. Jacob Klaver kaats(t)ers, pers, liefhebbers en belangstellenden van harte uitnodigen aanwezig te zijn bij de loting van de 8e Jong Famme Partij Zaterdag 2 juli zal op het sportveld van Mantgum voor de 8e keer de Jong Famme Partij plaatsvinden. Voor de eerste keer mogen er dit jaar meerdere parturen per afdeling meedoen. Mede door de verruiming van de dispensatie regel verwachten en hopen wij dit jaar een hoger aantal deelnemers te mogen begroeten Op de dag van de Jong Famme Partij vinden er geen andere kaatspartijen plaats in de officiële damescategorieën waarin de eventuele deelnemers van de Jong Famme Partij (kunnen) kaatsen. Zo zijn er op die dag geen wedstrijden in de categorieën meisjes, dames senioren (1e klas) en Hoofdklasse dames. Het wedstrijdschema van de KNKB vormt hiermee geen enkel beletsel voor de kaatsers in de doelgroep om deel te nemen aan de Jong Famme Partij. De KNKB heeft hiermee bovendien een uitstekende voorwaarde gecreëerd voor kaatsers en andere belangstellenden om als toeschouwer aanwezig te zijn op de Jong Famme Partij. Alle aandacht voor het dameskaatsen is die dag gericht op de Jong Fammen

Lees meer

Bregt wint yn Achlum

Bregt Arendz woe net mear KNKB keatse. Wol hie hja tasein mei te dwaan oan de ôfdielings wedstriden. Der wiene we bliid mei, mar no blykt dat Bregt har betocht hat en dat is mar goed ek want Bregt hat talint. En it is sonde dat dit talint alinne mar ledekeatst. In pear wike lyn die Bregt ek mei oan de federaasje ôfdielingswedstriid yn Mantgum en wûn mei har maten de 2e priis. Soe hja dêr de smaak wer te pakken krigen hawwe? Bregt joech har op foar de t.i.l. wedstriid pupillefamkes yn Achlum De lottingsploech fan de KNKB koe har noch wol, hja setten har fuort wer as earste maat. En dat wie terjochte, Bregt wie op dreef en wint út in list fan 14 pertoeren mei maat Boukje-Ellen Bosma út Makkum de earste priis troch yn de finale te winnen fan Brechtsje Jorritsma Poppenwier en Marijke Keuning Britswert.

Lees meer

Dronryp ferrassende winner fan NK Famkes

Sneon 25 juny waard foar Elly Hofman, Anouk Tolsma en Jeanette Jansma in dei mei in gouden rândsje. Tsjin alle foarsizzings yn stapten sy nei ôfrin fan it Nederlâns Kampioenskip foar Famkes (14-16 jr.) as winners fan it fjild. Net de favoriten út Seisbierrum, Minnertsgea, Stiens, St. Anne of Frjentsjer mar it jeugdige en o sa deeglike trijetal fan keatsferiening Sjirk de Wal út Dronryp wie harren allegearre de baas.

Lees meer

Kompetysje rûnde acht!

Dat it drokke tiden binne foar keatsleafhawwer hie ik al earder skreaun. Mei it NK famkes foar de doar hat dat ek foardielen. Jo hoege gjin fild te lizzen.

Lees meer

Hendrik Wiedijk wint syn earste krânse

Moandei te jûn hawwe Jelle, Deyna en Hans de perken lein sadat der op woansdei 22 juny wer strjitkeatst wurde koe. Hjoed wie it in optreden fan de bern. Mei súterich waar begjinne, mar fanôf in oere sa sawn waard it droech en dat is it de jûns fierders ek bleaun Mei by de Welpen (3 partoeren) in nije winner. Hendrik Wiedijk woe syn earste krâns tegearre mei Jeen Arendz Twadde waard Willem Reitsma, Marten de Jong en Rutger Mulder.

Lees meer

Zaterdag 25 juni Nederlands Kampioenschap Kaatsen voor meisjes in Mantgum

De Koninklijke Nederlandse Kaatsbond heeft Kaatsvereniging Jacob Klaver gevraagd om dit jaar het NK meisjes te organiseren. Wij waren en zijn vereerd met dit verzoek en gaven afgelopen winter de KNKB dan ook te kennen dat we dit graag doen. Dit is de tweede keer in het 108 jarige bestaan van de kaatsvereniging dat we een NK organiseren. A.S. zaterdag is het zover, inmiddels heeft de lotings ploeg van de KNKB zijn werk gedaan. We hebben een prachtige lijst van 21 parturen, we zijn er klaar voor en hebben er zin in! In 2003 bestond onze kaatsvereniging 100 jaar. Om dit eeuwfeest luister bij te zetten werd er in overleg met de KNKB een kaatswedstrijd georganiseerd om het Nederlands Kampioenschap voor meisjes ( leeftijdsklasse 14 t/m 17 jaar). De positieve ervaringen van deze wedstrijd heeft het één en ander in gang gezet en deden het bestuur besluiten om een jaarlijkse kaatswedstrijd in het leven te roepen met een meer dan gemiddelde aandacht en uitstraling. Het eeuwfeest werd op die manier niet het einde van een periode maar het startpunt voor nieuwe uitdagingen en elan. Dit heeft geresulteerd in de “Jong Famme Partij”, een kaatswedstrijd voor jonge vrouwen in de leeftijd van 17 t/m 21 jaar. We zien het ook als een beloning en waardering van de KNKB dat ons dit NK weer gegund is. De organisatie van een NK vraagt wel het één en ander van de vereniging, zowel organisatorisch als financieel. We zijn dan ook erg blij dat Wiersma Tenten verhuur deze dag onze wedstrijdsponsor is. We hopen u deze dag als toeschouwer (of als deelnemer) te mogen begroeten, de toegang is gratis.

Lees meer