5 Doarpen Partij 2012

Ôfrûne wykein wie de fiif doarpen partij in Jorwert. Moarns wie it keatsen foar de bern en middeis foar de folwoeksenen. Sa gau as de komplete útslaggen fan de bern der binne sette we die fuort en daliks “online” mar oant die tiid moatte we ús efkes behelpe mei allinne de folwoeksenen.

Lees meer

Pearke Teatsen

De flyer is klear, dus lit de opjefte mar binnenstrome!!

Jacob Klaver boys in actie op de Bondspartij

Meedoen is belangrijker dan winnen, dan geldt op de Bondspartij voor senioren voor 90% van de deelnemende parturen. Het is een jaarlijkse toogdag van het kaatsen door afdelingsparturen. En eigenlijk hebben alleen die parturen een redelijke kans als zij bestaan uit twee of zelfs drie topkaatsers.

Lees meer

Greidhoekekompetysje woansdei 24 maaie 2012

Op 'e fyts, motor en yn de auto's gong it op nei Easterein. Om goed healwei achten moast der keatst wurde yn en tsjin Easterein. Moasten ferline wike noch de mûtse op en de wanten oan. Woansdei koene de swimbroek of bikini by wize fan sprekken wol oan.

Lees meer

Greidhoekekompetysje 16 maaie 2012 Mantgum

Hurde wyn en kjeld wiene it dekor foar de earste wedstriid yn de Greidhoekekompetysje. De kompetysje wurdt hâlden yn twa poules en Mantgum is dit jier yndield bij Easterein en Easterlittens. Eerst moast it opnommen wurde tsjin Easterein. De keatsers hiene der sin oan en wiene goed op de party tared.

Lees meer

Blinkende blokjes

Sei ik yn it Jacob Klaver boekje al dat der yn it winterskoft in soad dien wie op it mêd fan ûnderhâld fan us ark, doe realisearre ik my net hoefolle wurk as der eins fersetten is en noch wurde moast.

Lees meer

Barbecue Partij Jeugd

Foar de twadde kear de BBQ Partij, fanôf 11 oere keatse folwoeksenen en jeugd, fanôf 17.00 de bbq, treflik fersoarge troch Jan Watze en Jolanda fan de catering fan Wiersma Tentenverhuur Mei in loftkessen en ijsko’s, oanbean troch Jolanda, foar de bern.

Lees meer

Barbecuepartij snein 13 maaie 2012

De ofrune wiken wienen ferskillende minsken al yn training op ferskillende plakken. Sa waard der traint, kompetysjekeatst en balgefoel opdien tydens it peloten. Dit alles as foarbereiding op de earste ledeparij, oftewol de barbecuepartij.

Lees meer

Mantgum 2 peloters ferlieze

It drige al in bytsje doe’t we útein setten en de driging wurde ek noch wier. En net allinne om’t it reinde dat it miigde mar ek om’t de mannen fan Jellum Bears in maat te grut wiene foar de peloters fan Mantgum 2.

Lees meer

Omloop twa kompetysje

We kin de koart oer wêze. Minsken finne harren paad wer nei it sportfjild op de freed te jûn. Gehiel spontaan kamen der juster genôch minsken om efkes in trije perken te kompetysje keatsen.

Lees meer

Amarins wint earste krâns

Ofrûne sneon wie Ilse Noorman it earste Jacob Klaver lid dat mei in priis thús kaam. Dat wie in bêste prestaasje. Mei har frije formaasje maten Mariska Hoogland en Anke Marije Pompstra wûn hja yn Kimswert by de haadklase froulju út in list fan 14 pertoeren de 3e priis.

Lees meer

Trainen froulju's peloten 8 maaie 2012 giet net troch!!

Omdat der jammer genoch mar twa opjeftes wienen foar de pelotetraining fan froulju is deze cancelt. Oare wike tiisdei om 19.30 is der in oefenpot tsjin Wiuwert-Britswert. Wa toch noch ris meidwaan wol hat dan noch de kans. Dan graag om 19.15 op it fjild weze.

Mantgum twa ferliest krekt

In Easterlittens peloten justerjûn Mantgum 2 en Weidum 3 tsjin mekoar. De partij begûn in bytsje oan de lette kant en dertroch moasten we oan it ein hast mei in bûslampe nei de bal sykje.

Lees meer

BBQ partij op 13 maaie

Op snein 13 maaie wolle wij it JK keatsseizoen wer op in bysûndere wize iepenje. Fanôf 11 oere is der keatsen foar sawol bern as folwoeksenen Wy noegje jimme fan herte út om jimme op te jaan foar it ledekeatsen.

Lees meer

Durk Monsma krijt Keninklike Underskieding

Durk Monsma, lid en in sit yn de materialekommisje fan Keatsferiening Jacob Klaver Mantgum, kriget in keninklike ûnderskieding. De keatsferiening is grutsk dit persoan yn it ledebestân te hawwen en lokwinsket him fan herte mei dizze ûnderskieding. Taspraak by de útrikking fan de keninklike ûnderskiedingen op 27 april 2012 yn it gemeentehûs fan Littenseradiel te Wommels troch boargemaster Johanneke Liemburg.

Lees meer

Earste omloop Kompetysje 2012

Foar jo it witte is it dan sa fier en set de kompetysje wer útein. No hie ik wol in pear minsken skille en sein dat we jûn wer begjinne soene mar op de opkomst fan tsien persoanen hie ik net rekkene. Dus ik wie wiis mei dizze spontane opkomst ek al om’t der in soad minsken wiene dy’t ik net skille hie. “Fan de webside!” sei Klaas van der Veen tsjin mij doe’t ik him frege hoe hij wist dat der kompetysje keatsen wie.

Lees meer

Wiersma Tentenverhuur & Catering nieuwe wedstrijdsponsor van de Jong Famme Partij

“Se hienen it dêr yn Mantgum mar wer kreas foar inoar.” Deze en vergelijkbare opmerkingen horen wij vaker als één keer van bezoekers aan Jong Famme partij of Lytse PC. Er wordt dan verwezen naar de perfecte entourage en aankleding van het kaatsterrein. Een aankleding die voor een groot deel bepaald wordt door de prachtige tenten rondom het speelveld. Die tenten worden al een paar jaar als sponsorbijdrage geleverd door tentenverhuurbedrijf Wiersma uit Leeuwarden.

Lees meer

Jiergearkomste Jacob Klaver

It bestjoer fan Keatsferiening Jacob Klaver Mantgum noeget jo út ta it bywenjen fan de Jiergearkomste. Plak: MFC Wjukken Datum en tiid: tiisdei 20 maart 2012 20.00 oere

Lees meer