Prizen felotting Lytse PC
Prijzen zijn af te halen bij Hendrik Poppema Swannedrift 9 Mantgum Tel. 058 2501636
Lees meerPrijzen zijn af te halen bij Hendrik Poppema Swannedrift 9 Mantgum Tel. 058 2501636
Lees meerOm 10.00 alle partoeren yn'e B-klasse fjild los. In prachtich gesicht, in fjild fol enthousiaste pupillen jonges. Troch twa ofsizzers moast der wat bylotte wurde, dertroch foel der ien partoer of. Der bleaunen dertroch noch 23 oer en dy hienen der stik foar stik sin oan. Dat koenen je sjen.
Lees meerPearke keatsen om it iepen kampioenskip fan de gemeente Littenseradiel, foar de njoggende kear organisearre troch K.F. Jacob Klaver. Wa’t de wiken foarôfgeand fan it Teatsen op facebook of twitter fan Jacob Klaver sjoen hie, hat der grif wat fan meikrigen. It wie suver in soarte fan spam, it oandacht freegjen en lobbyen foar it pearketeatsen, troch foaral Baukje en Lyssa, de grutte promotors fan dit barren. It die fertuten want mei 59 partoeren hiene we in prachtige keatslist. D’r wurdt spile mei in winners en ferliesers omloop. D’r binne dizze dei sadwaande 86 teatspartijen. Under lieding fan Sjirk en Jelle binne d’r njoggen teatsfjilden útlein. Hjirfoar moatte jo hegere wiskunde studearre hawwe, oars slagget it nea!
Lees meerWe gongen wat letter as dat wy went binne los, mar wol yn in prachtich fjild. De fjildliskommisje wie drok dwaande om it fjild ree te meitsje foar it Teatsen. Dêrtroch koenen wy gebrûk meitsje fan dit perk mei fjild. Wer ris wat oars mei sa'n grut perk en in lyts fjild wêrtroch it mear op technyk en minder op rammen oankomt.
Lees meerVerliene wike freed wiene er trije keatser op it fjild die dit jier noch net mei it kompetysje keatsen mei dyn hawwe, dat wiene Jelmer en Albert Jonker en Hans de Boer. Dat dizze trije noch net mei dien hawwe wie net te sjen. It wie suver in demonstraasje partij. Hans keatste mei Martin en Albert tsjin Jelmer vd Valk, Jelmer Jonker en Jouke Wiersma oftewol de 3 J's. It wie in prachtige striid mei in protte tuskenspul en mei moaie útspraken sa os: 'Do bist krekt in Fryske klok, slachst mar ien kear yn it oere.' De punten waarden moai ferdielt en de earsten gongen gelyk op. De stân lit it ek sjen, mei 5 earsten gelyk en 6 gelyk gong de winst nei it partoer fan Hans. Hans, Albert en Martin -> Jelmer, Jelmer J en Jouke 5-5/6-6 mei winst foar Hans
Snein 28 juny stjit de earste edysje fan de keetpartij op it programma. Keatsferiening Jacob Klaver organiseare dizze partij yn gearwurking mei Keet it Bierfiltsje.
Lees meerNoch efkes werom sjen op de Jong Famme Partij? Dat kin. Henk Bootsma hat prachtige foto's makke wer it ferrin fan de dei hiel moai út blykt. Jim kinne disse foto's fyne op http://henkbootsmafotografie.nl/index.php?id=1&map=12&submap=864.
Yn Mantgum wurd hjoed de Jong Fammen partij keatst. Der steane 19 partoeren op de list. �nder lieding fan skiedsrjochters Murk de Jong en Peter de Bruin is de earste omloop keatst. Hjir�nder de �tslaggen.
Lees meerIn Mantgum stonden er dit jaar 19 partuur op de deelnemerslijst voor de Jong Famme partij. Daarvan was er één partuur dat door iedereen getipt werd als het te kloppen partuur. Dat was het trio van KV Jan Bogtstra uit Franeker. Zij speelden in dezelfde formatie als in de voorgaande twee jaar waarin zij wisten te winnen. Behoudens een haperende start kwamen zij daarna nooit echt in de problemen en wisten voor de derde keer op rij te winnen. Voor Manon Scheepstra werd het de vijfde keer dat zij met de krans uit Mantgum huiswaarts keerde. En hoewel de Jong Famme partij geen Koninginneschap kent, kunnen wij haar met dit record de ongekroonde koningin van de Jong Famme partij noemen.
Lees meer1. Stiens - 2. Easterein 3. Franeker - 4. Wjelsryp 5. Berltsum - 6. Folgare 7. Dronryp - 8. Gauw 9. Minnertsga - 10. Sexbierum 11. Dronryp - 12. EE 13. Wier - 14. Marsum 15. Grou - 16. Wommels 17. Mantgum - 18. Peins 19. Sint Annaparochie staand nummer
Lees meerFreed te jun tweintich oer 7en, binne Jouke en ik op it fjild en kin we moai efkes sjen hoe Sjirk Gjalt, Gjalt Sjirk oan it trainen is foar it NK. It is Healwei achten en der komt Johannes de Jong it fjild op wêrmei de competysje keatsers op twa komme. De meagerste opkomst oant no ta.
Lees meer"""
It is sneon 20 juny 2015, ik sit thús en stean wat yn dubio, it is moai (fyts)waar, wol of net nei it keatsen en werhinne? D’r binne hjoed 3 NK’s (bûnspartijen), dy fan de froulju (St. Anne), skoalfamkes (Makkum) en skoaljonges (Minnertsgea). Mantgum docht mei yn Minnertsgea en St. Anne. Sa no en dan gean ik efkes nei de KNKB webside en sjoch dat Mantgum by de skoaljonges de earste twa omlopen oerlibbe hat.
Lees meerDit jier it NK Famkes yn Dussen, organisearre troch de jubilearjende keatsferiening HDKC (Hank Dussen Kaats Club). Ik gong d’r fanút dat Hank Dussen it plak wie wer keatst wurde soe. Mar Hank is in plak en Dussen leit 5 km fierderop en telt +/- 2500 ynwenners. In NK yn Noard Brabân. Pas no wurdt my dúdlik werom at it gjin bûnspartij mear is, de KNKB giet it lân ien nei in bûten ôfdieling. HDKC telt 19 leden. Dussen, wert yn 1930 Anton Verhoeven berne waard, in legendaryske alve stêdentocht rider.
Lees meerDe lêste partij is de finale, en sa as Jehannes dan seit as je der dochs binne nim it dan ek mar mei.
Lees meerIn bekint filosoof/historicus út Mantgum hie it heartiids oer dagen dy’t yn de historische boeken kamen. Dat wienen hiele âlde boeken! Mar juster koe der wer in haadstik taheakke wurde yn de âlde boeken.
Lees meerMantgum 3 en Mantgum 2 steane yn e finale te peloten yn Weidum en beide teams witte de finale te winnen wêrtroch se promovearre. Lokwinske mannen! Nei't de froulju juster jun al kampioen wiene yn hun klasse koene jimme ik net efter bliuwe fansels.
Lees meerWat in ferskil mei foarich jier. Doe gong de BBQ-partij fanwegen it minne waar net troch, no sinne by de rûs, dat eltsenien gong mei nocht oan’t keatsen.
Lees meerMoai waar, in soad fjilden en in protte bern. De ôfdielingswedstryd fan de federaasje koe los gean. Ûnder lieding fan wedstrydlieder Geart en skiedsrjochters Jelle, Albert en Lyssa gong om fiif oere it keatsen los.
Lees meerOp zaterdag 30 mei 2015 mocht KF Jacob Klaver te Mantgum bovenstaande partij organiseren.
Lees meerKaatsvereniging Jacob Klaver organiseert op zondag 7 juni een kaatspartij. Niet alleen voor leden, maar voor alle Mantgumers die mee willen doen! Met na afloop een barbecue verzorgd door Wiersma Catering.
Lees meerOfrûne tiisdei ha de pelote fruolje tsjin items petoer fan Winsum hun tredde wedstriid spiele.
Lees meerMoai waar, it gers meant, in moaie opkomst en Jelmer van der Valk ferliest. Sa soenen je dizze omloop yn in pear wurden samenvatte kinne, mar er is mear bart.
Lees meerOfrûne tiisdei spile it partoer fan Mantgum de twadde wedstriid fan de kompetisje tsjin Spannum.
Lees meerFreed 15 maaie 2015 waard foar de twadde kear yn de skiednis fan Jacob Klaver it buertsjekeatsen halden. Keatserij mei grutte bal, sadat iederien meidwaan kin. It is namelik it idee dat je je buorlju freegje mei jo te keatsen. Ek at disse net keatse kinne.
Lees meer