Ids van der Ende partij 2012

It wie in wykein oan it ein fan in wike mei ferskaat waar. Ferliene wike moasten we fanwege de waarmte noch spesjale maatregels nimme en dit wykein soe it omraak waaie en reine. Mar it gie oars.

Lees meer

Provinsjale Skoalkeatskampioenskip

Yn Ljouwert is op woansdei 27 juny wer striden om it provinsjale skoalkampioenskip. Ferline jier wie Wommels te sterk foar ús Gielguorde skoalfamkes en wûnen se de 2e priis. O Dat wie al in hiele prestaasje, mar Wommels kaam op it boerd te stean as winner. Bale dus.

Lees meer

Live ferslach fan de heale finale en finale Jong Famme partij.

Boazum is yntusken trochdrongen ta de finale. Se ha in steand nûmmer. Se spielje de finale tsjin de winner fan de partij tusken Berltsum en Frentsjer 1. Boazum hat de hiele dei net in soad tsjinstân hân. Se wûnnen maklik fan Wiuwert/Britswert, Wolsum en yn de tredde omloop fan St. Anne. Dernei hiene se in steand nûmmer.

Lees meer

Strjitkeatsen senioaren 2012

Bij it strjitkeatsen wiene der 4 partoer in twa kategoryen. Dat betsjutte dat elkenien trije kear keatse moast en de earste bij inoar optelt waarden.

Lees meer

Omloop 6

Nei in dei mei dikke buien en ûnfoech hurde wyn joech ik der justerjûn net in kwartsje foar dat der in soad minsken komme soene te kompetysje keatsen. Ik seach fan te foaren noch efkes op “buienradar” en seach dat ik wol droech bliuwe soe mar de wyn wie noch hieltyd hurd en it wie eins gjin waar om te keatsen.

Lees meer

EK fan JK

In list mei allegear lannen dy’t mei dogge oan it EK, in hurde wyn en in protte ferklaaide keatsers wie it dekôr fan in prachtige keatsmoarn.

Lees meer

Famyljekeatsen

Oerdeis in protte reinwetter. Jûns moai keatswaar mei in lyts buike. Acht partoeren stiene der op de list. Eltsenien koe yn 4 perken om 18.45 oere los. In winners en ferliezers ronde en keatse mei in sachte bal.

Lees meer

KNKB Jonges A & B Klasse yn Mantgum

Juster federaasjekeatsen mei striemin waar. Hjoed setten we sûnder rein útein en yn de rin fan de dei kaam de sinne der ek noch bij, moai keatswaar dus. De jongeskeatsers waarden fan ’e moarn ferrast mei in wantekontrôle.

Lees meer

Opjeftes teatsen begjinne binnen te stromen!

Fia alle kanalen komme de opjeftes foar it pearke teatsen binnen op dit moment. Minsken sjoche flyers, posters, berichten op Twitter, Facebook en úse side. Ek 'mond-op-mond-reclame' docht wonderen. Sa steane der no al 15 petoeren op de list. We ha noch in moanne de tiid, dus it kinne noch folle mear wurde. Jou jim dus gau op, dan meitsje we der in moaie dei fan!

Federaasje keatsen yn Mantgum

Al sûnt jierren komt de federaasje keatsende jeugd yn Mantgum te keatsen Fan welp oant en mei jonges/famkes kinne keatse. Teminsten as der yn alle klassen genôch dielnimmers binne.

Lees meer

Loting 9e Jong Famme Partij

Hierbij wil K.F. Jacob Klaver kaats(t)ers, pers, liefhebbers en belangstellenden van harte uitnodigen aanwezig te zijn bij de loting van de 9e Jong Famme Partij. Loting 9e Jong Famme Partij, dinsdag 26 juni 20.15 uur in Mfc. de Wjukken te Mantgum.

Lees meer