Sterk perkwurk makket Boalsterter Jong Fammen kampioen yn Mantgum
Boalsert is sneon de winner wurden fan de 22e Jong Famme Partij yn Mantgum. Sy fersloegen yn ‘e finale Dronryp. In lytse preemje wie der foar Lollum en Makkum.
Troch: Skelte Anema
Foto: Jelmer Jonker
Mei 15 pertoer op ‘e list in moai oantal foar in katergory dy’t eins net bestiet. Der is wol in junioare kompetysje, mar kwa ôfdielingspartijen is der allinnich de Jong Famme Partij. Dêrmei in bytsje apart, mar ûndertusken wol in ikoanyske partij dy’t by in soad famkes op it ferlanglistje stiet.
Sneon wie alwer de 22 ‘e edysje. Yn it foar waarden Dronryp en Boalsert neamd as de grutste favoriten, mar ek it pertoer fan Balk dat it NK famkes wûn en ferline jier de Ald Meijers partij, koe foarsichtich oan dat rychje taheakke wurde.
Earste omloop
De spannedste wedstryd fan de earste omloop wie dy tusken Wytmarsum en St. Anne. In gelyk opgeande striid mar by in stân fan 4-3 foar Wytmarsum is it St. Anne dat trije kear op seis gelyk it earst pakt en dêrmei in plakje yn ‘e twadde omloop feilich stelde.
Fierder wie de wedstryd tusken Winsum en Dronryp 2 in spannende. Dêr wie it úteinlik Dronryp dat op 5-5 6-4 de partij nei harren ta luts.
|
|
|
|
einstân |
1 |
Lollum |
2 |
Eksmoarre |
5-3 6-4 |
3 |
Dronryp 1 |
4 |
Frjentsjer |
5-1 6-2 |
5 |
Wytmarsum |
6 |
Sint Anne |
4-5 6-6 |
7 |
Stiens |
8 |
Makkum |
3-5 0-6 |
9 |
Winsum |
10 |
Dronryp 2 |
5-5 4-6 |
11 |
Balk |
12 |
Tsjom |
3-5 4-6 |
13 |
Mantgum |
15 |
Boalsert |
1-5 2-6 |
15 |
Goaiïngea |
|
|
|
Twadde omloop
In moaie wedstryd yn ‘e twadde omloop wie dy tusken Boalsert en Tsjom. Nei in sitbal fan Noa Elzinga op 4-3 en 6-6 waard it fjouwer earsten gelyk. It earst dêrnei kaam Tsjom op in 6-0 foarsprong, mar Boalsert focht har werom oant 6-6 en pakte doe ek de 5 buorden nei in kweaslach fan Tsjom. Dat wie ek it brekpunt, want yn it lêste earst pakte Tsjom net in punt mear en op 5-4 en 6-0 wie it Boalsert dat it earste plakje fan de heale finale op har namme skreau.
Ek spannend wie de partij tusken Makkum en Dronryp 2. Op 4-3 en 6-6 waard in keats op ‘e middeline net foarby slein troch Makkum en dat makke 4 earsten gelyk. Doe wie it Makkum dat 5-4 makke en op 6-2 wie it Larissa Smink dy’t mei in prachtige boppeslach de partij útmakke.
|
|
|
|
einstân |
15 |
Goeiïngea |
1 |
Lollum |
4-5 4-6 |
3 |
Dronryp 1 |
6 |
Sint Anne |
3-5 6-6 |
8 |
Makkum |
10 |
Dronryp 2 |
5-4 6-2 |
12 |
Tsjom |
14 |
Boalsert |
4-5 0-6 |
Heale finale
Lollum hâldt lang oansluting, mar Dronryp pakt finaleplak
Yn de partij tusken Lollum en Dronryp wist Lollum by in stân fan 3-1 en 6-6 mei in knappe retourslach har twadde buordsje te pakken. Dêrmei holden se de oansluting. Beide ploegen hellen dêrnei noch de nedige buordsjes binnen, mar op 5-3 en 6-6 wie it Dronryp dat úteinlik de winst pakte en trochgie nei de finale.
Dochs in komplimint foar it duo fan Lollum dat aardich meikomme koe. Fan dy froulju sille wy yn ‘e takomst fêst mear hearre.
Boalsert nei finale nei winst op Makkum
Yn de twadde heale finale stie Boalsert tsjin Makkum. Nei’t it earst 2-1 waard foar Boalsert, wreide de ploech dy foarsprong út nei 3-1 en letter 4-1. Makkum hie dêrnei noch wol in antwurd en kaam werom nei 4-2.
Op in stân fan 4-2 6-6 soarge Rixt Blanke mei in boppeslach foar de beslissing yn ‘e partij, want dêrnei wie it dien foar Makkum en koe Boalsert frij maklik it lêste buordsje pakke en de partij útmeitsje.
|
|
|
|
einstân |
1 |
Lollum |
3 |
Dronryp 1 |
3-5 6-6 |
8 |
Makkum |
14 |
Boalsert |
2-5 4-6 |
Finale
In finale mei oan de ien kant Dronryp dy’t 20 jier lyn foar it lêst de Jong Famme Partij wûn. En oan de oare kant it partoer fan Boalsert dat yn 2008 foar it lêst de krânsen út Mantgum meinommen hie.
De wedstryd giet hielendal gelyk op en de buordsjes waarden om en om ferdield. Benammen oan de kant fan Boalsert wie it perk goed op slach; ien fan de earsten waard sels folslein troch boppeslaggen binnenhelle. Dochs is it Dronryp dat as earst de 4 earsten binnenhellet en 4-3 foarkomt. Yn it earst dat folget komt Boalsert op in skjinne 6 foar, mar troch trije bûtenslaggen fan Noa Elzinga wurdt it dochs spannend. By de keats dy’t dan folget is it Elzinga sels dy’t it wer goed makket troch de bal in hiel ein oer de boppe te rammen en Boalsert wer njonken Dronryp set. Op fjouwer earsten gelyk en seis gelyk wie de wichtichste slach fan de partij. De bal waard wer troch Noa Elzinga oer de boppe slein en dêrmei pakte sy it fyfde buordsje. Ek yn it lêste earst pakte Boalsert goed troch en op 5-4 en 6-2 falt it doek foar Dronryp. Nei de lêste slach kamen oan beide kanten de triennen. By it partoer fan Dronryp fanwege it ferlies en by de Boalserters fanwege de fertsjinne winst. Nettsjinsteande it soere ferlies, stiene de Rypsters fuortendalik klear om de Boalserters te felisitearjen en oarsom wiene it de Boalserters dy’t klearstiene om harren tsjinstanners te treasten. In sportyf ein fan in prachtige keatsdei, mei Boalstert as terjochte winners.
|
|
|
|
einstân |
1 |
Dronryp 1 |
3 |
Boalsert |
4-5 2-6 |
Geplaatst op 06 July 2025