We binne foarsichtich los,

Juster is de earste helte fan de Jonker Sikke Partij útein set, mei seis partoer op de list een moai begjin fan in apart keats jier..

We binne foarsichtich los,

Troch de fjildliskommisje (Oebele, Sake en Tsjirk) wiene der trije fjilden dellein sadat eltse partij yn in apart fjild spile wurde koe, klasse. De krammen woene noch de grûn yn, fjirder is it fjild wol sa hurd as yn spiker.

Troch de trije fjilden runen de keatsers inoar net foar de fuotten en kin der rekken hâlden wurde mei de oardel meter ôfstân. Earst hannen waskje en net spuie op de bal. Der waard moai keatst en elkenien hoe der nocht oan nei een lange winter en de yntelliginte lockdown. Om mei situaasje yn 'e rekken te nimmen, hawwe wy de foar keazen om twa spultsjes te keatsen en net as gewoanlik in hiele wedstriid. Troch dizze opset wiene wy om healwei fjouweren klear en koe elkenien nei hûs gean om syn prestaasjes te evaluearjen.

Op 7 juny wurdt de twadde helte fan 'e Jonker Sikke-partij ferkeatst. Elkenien dy't op 7 juny wol meidwaan wol, kin him oanmelde.

Om te oefenjen is it kompetysjekeatsen ek wer begon, net op freed mar op tongersdeitejûn. De reguliere kompetysjekeatsers kaam de tongersdeitejûn better út, dizze jûn past better yn har gearkomsteskema. It kompetysjekeatsen wurdt opnij laat troch Jan Watse Wiersma, ek wer klasse en begjint om healwei achten.

Geplaatst op 28 May 2020