Mantgum 2e op de bûnspartij yn Easterein

It partoer fan Mantgum mei Rixt Keuning, Amarins deGroot en Jennie Terpstra ha ôfrûne sneon 22 juny op it NK froulju yn Eastereinin knappe twadde priis behelle.

Mantgum 2e op de bûnspartij yn Easterein

Ôfrûne sneon wie de bûnspartij foar froulju yn Easterein. Foar Mantgum stiene Rixt Keuning, Amarins de Groot en Jennie Terpstra op ‘e list. Mantgum, op papier net DE grutte favoryt, mar seker wol in gefaarlike outsider. Dizze dei hiene de froulju in prima lot, dus wa wit wat dizze dei bringe soe.

Yn de earste omloop waard der keatst tsjin Menaam. De froulju hiene gjin muoite mei dit partoer en wûn dizze partij frij ienfâldich mei 5-0 6-6.

De twadde omloop waard der keatst tsjin de froulju fan Easterein 2. It wie in moaie partij, wêryn Mantgum it bettere partoer wie. De froulju makken weinig flaters oan de opslach en yn it perk. En Rixt Keuning liet yn it tuskenspul sjen dat se skerp wie en hie belangrike retourneringen. De froulju wûnen dizze partij mei 5-1.

Op de tredde list bliuwne de froulju stean wêrtroch se yn de heale finale stiene.

Yn de heale finale waard der keatst tsjin Ljouwert. In sterk partoer mei de keatsters Wiljo Sybrandy, Annelien Broersma en Marie-jetske Lettinga. Ek yn dizze partij wiene de froulju wer opperbêst. Sawol de opslach, de útslach en yn it tuskenspul makken de froulju weinig flaters en koene dizze partij mei 5-1 6-6 winne.

It wie noch efkes wachtsjen op de oare heale finale fan it partoer fan Wommels tsjin Huzum.
Dizze partij wie tige spannend en it gie gelyk op. Troch in ferfelende blessuere fan it partoer fan Wommels, wie it efkes wachtsjen hoe dizze partij ôfrinne soe. Uteinlik wist it partoer fan Wommels te winnen op 5-5 6-6.

Yn de finale waard der keatst tsjin ien fan de favoriten Wommels.
Wommels dy’t keatste mei Hester Bruinsma (ynfaller foar Anna-Brecht Bruinsma), Sjanet Wijnia en Martsen Deinum wiene ien fan de favoriten dizze dei.
Wommels gie rap fan start en kaam al gau 1-0 foar. Mar it partoer fan Mantgum koe har gau herstelle en kaam al gau 1-1 gelyk. Ek pakten se de 2-1 en 3-1 foarsprong. Mantgum keatste best, mar makke hjir en der dochs wat te folle flaters. Wommels makke dizze flaters minder en koene wer lyk komme oan’t in gelike stân fan 3-3. It wie Wommels dy’t de foarsprong wer pakke koe en pakte as earste de 4 earsten. Mar Mantgum koe troch in oantal prachtige boppeslaggen wer lyk komme oan’t in stân fan 4-4. It wie in spannende finale wer de beide partoeren oan inoar weage wiene.
Mantgum makke spitich mear flaters as yn de earste partijen en koe de foarsprong net wer pakke. Wommels wist de partij út te meitsjen en wûn de spannende finale mei 5-4 6-2.

Rixt, Amarins en Jennie kinne werom sjen op it prachtige dei, wer’t miskien sels wol mear yn sitten hie. Mar net ien hie oan it begjin fan de dei tocht dat Mantgum in twadde priis op de bûnspartij winne soe. Super froulju!!! Lokwinske mei dizze twadde priis.

Geplaatst op 25 June 2019